Volg ons via

TwitterFacebookFeed

Uitgelicht

Banner
Banner
Banner
Banner
Banner
Banner

Ynleverje manuskripten Fedde & Martha Bergsma Priis 2017

donderdag, 13 april 2017 15:44

Dit jier sil foar de sânde kear de iennichste toanielskriuwpriis fan Fryslân útrikt wurde: de Fedde en Martha Bergsma priis. Kandidaten kinne foar 1 july 2017 harren manuskript ynstjoere/ynleverje by Keunstwurk. Yn oanmerking komme...

allinnich oarspronklik Frysktalige toanielstikken dy’t skreaun binne tusken 2013 en 2017. Oan de priis is in bedrach ferbûn fan € 1000,-. Of it stik al of net opfierd of publisearre is, is net fan belang. Net allinnich de skriuwers, ek ‘tredden’ kinne it wurk fan in toanielskriuwer ynstjoere. Ynstjoere/-leverje foar 1 july 2017, yn trijefâld en op papier:

By Keunstwurk
T.a.f. Geartsje de Vries / Bergsma-priis
Postbus 1288/ Wissesdwinger 1
8900 CG Ljouwert/ 8911 ER Ljouwert

De priis is yn 1993 ynsteld troch in man dy’t yn ‘e oarloch by de famylje Bergsma ûnderdûkt west hat. Om’t de Bergsma’s in soad dien hawwe foar de stimulearring fan it Fryske toaniel waard de priis ornearre foar de Fryske toanielskriuwerij. De priis wurdt ien kear yn de fiif jier takend. It wurk sil troch in sjuery fan saakkundigen beoardiele wurde.

De priisútrikking sil plakfine op tongersdei 2 novimber 2017.




Plaats reactie


Beveiligingscode
Vernieuwen

BlikOp Weststellingwerf maakt gebruik van cookies. Dit doen wij om onder andere de website te kunnen analyseren en daarmee het gebruiksgemak te vergroten. Daarnaast plaatsen wij cookies om advertenties te tonen. Door gebruik te blijven maken van BlikOp Weststellingwerf, of door op 'Akkoord' te klikken, geeft u toestemming voor het gebruik en plaatsen van cookies. Wilt u meer informatie over cookies en hoe ze worden gebruikt, bekijk dan ons privacybeleid.
Akkoord